NE-Fryslân wol kanotoerist

Seis gemeenten yn Noardeast-Fryslân hawwe jild stutsen yn it kanotoerisme. Der is in nije rûteboekje foar kano's útkaam en in nije webside lansearre. It kanoboekje is freedtemiddei presentearre yn Feanwâldsterwâl troch bestjoerders fan de seis gemeenten. Se diene dat yn kano's.
Yn it boekje stean 21 rûtes. Dêr sitte ek nije rûtes tusken. Guon wetters binne djipper makke en der is binne steigers oanlein.
Takom moanne wurdt der in boekje presentearre foar minsken dy't der graach mei it hynder op en út gean.