Lease-e-bike en lease-e-bakfyts wurde hieltyd populêrder

Hieltyd mear bedriuwen en ynstânsjes yn Fryslân kieze derfoar om njonken auto's ek elektryske fytsen of e-bikes te hieren. Dat is neffens it bedriuw Friesland Lease yn Drachten goed foar it miljeu en ek goedkeaper as in lease-auto. Boppedat is in elektryske leasefyts of in elektryske lease-bakfyts foar de koarte eintsjes faak ek noch folle handiger.
Friesland Lease yn Drachten is in lease-maatskippij dy’t njonken lease-auto’s ek lease e-bikes oanbiedt. Se hawwe yn de moanne jannewaris mear kontrakten ôfsletten as yn hiel 2015.
Mirjam Marinus fan Friesland Lease jout ferskate ferklearrings foar de populariteit fan de lease-e-fytsen:
• It saneamde Fietsplan foar bedriuwen bestiet net mear. As sy wat dwaan wolle foar de meiwurkers yn it wen-wurkferkear is de leasefyts in goed alternatyf.
• Yn tsjinstelling ta foar in lease-auto hoecht foar de leasefyts gjin ekstra belesting betelle te wurden, de saneamde fiskale bytelling
• Hieltyd mear bedriuwen en maatskiplike organisaasjes brûke de e-bakfyts foar saaklik ferkear. Sa skaffe bedriuwen yn de soarchsektor elektryske fytsen oan foar it ferfier op koarte ôfstannen.
Neffens Mirjam Marinus fan Friesland Lease is it imago fan bestjoerders better om op in elektryske fyts te riden as yn djoere lúkse weinen. Se seit dat it bedriuw yn ûnderhanneling is mei de gemeente Smellingerlân oer de oanskaf fan e-bikes.