Drint krijt selstraf foar yn de brân stekken natuergebieten

11 feb 2016 - 16:46
  • It Fochtelerfean wie ien fan de troffen gebieten

De rjochtbank yn Ljouwert hat in man út Smilde ta 2,5 jier selstraf feroardiele, wêrfan fyftjin moanne ûnder betingst. Hy hat ferline jier yn maart en maaie fiif natuergebieten yn Fryslân en Drinte yn 'e brân stutsen. Dêrby ûnstie in soad skea.

De Drint soe de brannen oanstutsen hawwe út ûnfrede mei in beslissing fan de pachtkeamer, dy't syn pachtkontrakt mei Natuurmonuminten ûntbûn. Hy koe oanhâlden wurde, troch ferklearrings fan tsjûgen en spoare-ûndersyk. De straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)