Ynwenner fan It Hearrenfean fynt deade slang yn syn hûs

11 feb 2016 - 14:49

De plysje op It Hearrenfean is op syk nei de eigener fan in 'melkslang'. De bewenner fan in hûs oan de Melchior de Grotestrjitte fûn it deade bist tongersdeitemoarn yn de wenning. De man hâldt sels gjin slangen en hat gjin idee hoe't it bist deryn kaam is.

Neffens de plysje is de slang net giftich. De plysje wol graach mei de eigener yn kontakt komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)