Provinsje jout opdracht foar ûnôfhinklik ûndersyk REC Harns

11 feb 2016 - 12:48

De provinsje hat in ûnôfhinklik ekspert opdracht jûn om te ûndersykjen oft de ôffaloven yn Harns foldocht oan de hjoeddeiske noarmen. Ferantwurdlik deputearre Michiel Schrier wol der mei it ûndersyk achter komme oft minsken feilich yn de omkriten fan de oven wenje en wurkje kinne.

Schrier hat it yngenieursburo Wandschneider en Gutjahr opdracht jûn foar it ûndersyk. Dat buro is spesjalisearre yn ôffalovens. De resultaten wurde op koarte termyn ferwachte.

Ut it ûndersyk moat konkreet dúdlik wurde oft Omrin de bêste techniken brûkt en hoe't de REC it docht yn fergeliking mei oare ôffalovens.

De deputearre hat eigener Omrin fan de ôffaloven frege om alle meiwurking oan it ûndersyk te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)