Wurkgroep Penjumer Gouden Halsbân yn ferset tsjin wynmûnen

11 feb 2016 - 12:25
  • Histoaryske seedyk Gouden Halsbân by Penjum

De wurkgroep Penjumer Gouden Halsbân komt opnij yn ferset tsjin plannen foar seis wynmûnen yn it gebiet. Earder tsjinnen fjouwer feehâlders dit idee ek al yn, mar doe sette de provinsje it plan yn de wacht. De seis wynmûnen moatte in wjukhichte fan 160 meter krije.

De Gouden Halsbân wie fan âldsher in dyk dy't Penjum beskermje moast tsjin oerstreamingen. De wurkgroep is oan de gong om wat fan it gebiet te meitsjen, troch in stik dyk te herstellen dat der min oan ta is, mei in kuierpaad, in film en tal fan oare plannen.

De wynmûnen passe dêr neffens de wurkgroep net yn. De inisjatyfnimmers hawwe de plannen yn fergeliking mei de earste kear wol wat oanpast, mei mear omtinken foar omwenners. Dochs bliuwt de wurkgroep him fersetten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)