Museum Belvédère makket eksposysje mei keunst Thom Mercuur

Omrop Fryslân
Ta neitins oan keunsthanneler Thom Mercuur hat Museum Belvédère in presintaasje gearstald fan wurken dy't er foar it museum sammele hat. Mercuur ferstoar yn jannewaris op 75-jierrige leeftyd. Hy wie de oprjochter fan Museum Belvédère.
De presintaasje 'Mooi van Mercuur' jout neffens it museum in yndruk fan de foarkar fan Mercuur. Dizze wurken binne by elkoar brocht yn fjouwer keamers yn it museum. Oare wurken dy't Thom Mercuur foar Belvédère sammele en dy't op oare plakken yn it museum te finen binne, binne foarsjoen fan de letters MM.
Dat stiet ek wer foar Mooi van Mercuur. De spesjale tentoanstelling is oant 15 maaie te sjen.