Man fiif kear pakt foar riden sûnder rydbewiis: auto kwyt

11 feb 2016 - 07:30

In 34-jierrige ynwenner fan Ljouwert moast tongersdeitemoarn betiid syn auto ynleverje by de plysje. De man waard yn de Carel van Manderstrjitte oan de kant setten foar in kontrôle.

Dêrby die bliken dat er gjin rydbewiis hie. It wie al de fiifde kear dat de Ljouwerter betrape waard op it riden sûnder rydbewiis. Dêrom is no syn auto yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)