Fakbûnen en wurkjouwers slute akkoart oer CAO yn grutmetaal

Der is woansdeitenacht in prinsipe-akkoart sletten oer in CAO yn de grutmetaal. Nei njoggen moannen aksjefieren en ûnderhanneljen krije de likernôch 140.000 meiwurkers mear te sizzen oer har wurktiden en 5,9 persint mear lean oer de kommende trije jier.
De wurknimmers yn bygelyks de skipsbou, auto-yndustry en metaaljitterijen krije de earste leansferheging fan 2,1 persint al op 1 april. It CNV-bûn seit it pakket maatregels mei in gerêst hert foar te lizzen oan de leden.
Tongersdeitejûn binne yn it Noarden mienskiplike kadergearkomsten fan FNV en CNV oer it prinsipe-akkoart. Ein dizze wike en takom wike binne de ledegearkomsten fan de fakbûnen. Dêr meie de meiwurkers yn de grutmetaal sizze oft se echt ynstimme kinne mei dit akkoart.
Ofrûne moandei wie der noch in grutte noardlike stakingsaksje yn Mearum, Grinslân. Sa'n 1500 metaalmeiwurkers út Fryslân, Grinslân en Drinte kamen dêr byinoar.