Primeur foar it Noarden: Katten en kofje yn it kafee

Katten en ûndernimmen, Hielkje Wester (26) út Earnewâld bringt har leafde foar beide byelkoar yn it nije kattekafee ‘Op z’n kop’ yn Grins. It is in primeur foar it Noarden. Fan woansdei ôf kinst dêr net allinnich in bakje kofje, tee of in broadsje helje, mar ek in flinke doasis katteleafde.
Dêrmei komt in grutte dream fan de jonge ûndernimster út. "Ik ha altyd al in eigen bedriuw ha wollen. Myn âlden binne ek ûndernimmers, dus ik ha de keunst fan harren ôfsjen kinnen."
It kafee is benammen bedoeld foar minsken dy’t fan katten hâlde, mar sels net sa’n bistje ha wolle of kinne. Hielkje hat der no seis, mar dat moatte der folle mear wurde.
Der binne wol regels: in sliepende kat mei net aaid wurde en de klanten meie sels de bisten net oppakke. Hielkje hopet dat in besite oan it kafee minsken dochs oanset om sels in kat te keapjen.