Besparring troch Hefpunt

20 apr 2012 - 14:20

De trije noardlike wetterskippen besparje miljoenen euro's troch gear te wurkjen. Mei-inoar giet it om in lyts fyftjin miljoen euro, goed 3 miljoen mear as ferwachte. It Wetterskip Fryslân, Noorderzijlvest en Hunze en Aa's wurkje sûnt 2006 gear yn Hefpunt. Dy organisaasje bart ûnder oare de belesting yn.

Neffens it deistich bestjoer fan it wetterskip kinne boargers noch mear profitearje kinne fan gearwurking. Sa soe der mear gearwurke wurde kinne mei gemeenten. Dy kin op it mêd fan it opheljen fan belestings sa ek in soad besparje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)