CDA is min te sprekken oer opstelling Omrin yn REC-soap

De CDA-fraksjes yn Fryslân binne min te sprekken oer it berop dat Omrin oantekenje wol tsjin de troch de provinsje opleine twangsom foar de REC. Mei de boete wol de provinsje Omrin twinge om maatregels te nimmen om nije oertrêdings by de ôffaloven tenei foar te kommen.
CDA-fraksjes yn de gemeenten dy't oandielhâlder fan Omrin binne, trune oan op in stevich sinjaal yn de rjochting fan de ôffalferwurker. De steatefraksje stipet de oprop.
De provinsjale CDA neamt it in ''bizarre gedachte'' dat in oerheid in proseduere begjint tsjin in oare oerheid, en dat oer de rêch fan slim ferûntrêste Harnzers. De earstkommende oandielhâldersfergadering fan Omrin is op 22 april.