Plysje giet troch mei ûndersyk nei deade frou Frjentsjer

De Eise Eisingastrjitte yn Frjentsjer dêr't it echtpear wennet © Postema-media
It is noch hieltiid net dúdlik hoe't de 74-jierrige frou út Frjentsjer, dy't tiisdei dea yn har hûs oan de Eise Eisingastjitte fûn waard, ferstoarn is. Der wurdt tongersdei seksje ferrjochte op har stoflik omskot om der achter te kommen ûnder hokker omstannichheden se ferstoarn is.
Oant dúdlik is oft sprake is fan in misdriuw of in ûngelok bliuwt har 71-jierrige man formeel as fertochte fêstsitten. Dêrneist is de plysje noch hieltiid dwaande mei buertûndersyk.
De man belle tiisdeitemoarn sels mei de plysje en melde dat der wat oan de hân wie mei syn frou.