Van Anholt langer by H'fean

20 apr 2012 - 12:48

Hearrenfeanspiler Pelé van Anholt hat syn kontrakt by Sportklup Hearrenfean mei twa jier ferlingd. De 20-jierrige middenfjilder spile ôfrûne wykein foar it earst yn de basis tsjin NEC. Van Anholt kaam doe't er 11 jier âld wie by CAB út Boalsert wei en spile syn fierdere jeugd by Hearrenfean. Ferline jier waard er noch ferhierd oan Emmen.

Yn 2009 tekene Van Anholt syn earste kontrakt en hy spile oant no ta sân wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)