Taksybedriuw Klomp moat sjauffeurs dochs útbetelje

09 feb 2016 - 22:56
  • Webside taksybedriuw Klomp

Taksybedriuw Klomp moat fan de rjochter taksysjauffeurs mei weromwurkjende krêft betelje foar de tiid dy't se kwyt binne oan de ritten fan hûs nei de earste rit, en fan de lêste rit nei hûs.

It bedriuw út Ede, dat yn Fryslân kliïnten foar soarchgroep Aliade ferfiert, moat hannelje lykas beskreaun is yn de regels fan de Taksy CAO, sa oardielde de rjochter tiisdei. Fakbûn FNV Taksy spande de saak oan tsjin Klomp. It bedriuw hat 70 sjauffeurs oan it wurk, wêrûnder ek Fryske sjauffeurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)