Fuotbalster Sisca Folkertsma traint mei Oranjefroulju

09 feb 2016 - 20:09

Fuotbalster Sisca Folkertsma fan Sleat mei foar it earst yn har karriêre op trainingskamp mei de Oranjefroulju. De 18-jierrige middenfjilder spile al wol ferskate ynterlannen foar Oranje ûnder 19 jier, mar noch nea by it earste frouljusalvetal.

Yn febrewaris binne der twa trainingskampen fan de fuotbalfroulju, om't se harren tariede moatte op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai begjin maart. Dêrnei makket bûnscoach Arjan van der Laan syn seleksje bekend.

Oare internationals Sherida Spitse en Loes Geurts komme mooglik op it twadde trainingskamp yn aksje. Dat wurdt spesjaal organisearre foar spilers dy't yn it bûtenlân fuotbalje.

De fuotbalfroulju fan Nederlân, Sweden, Switserlân en Noarwegen moatte tusken 2 en 9 maart útfjochtsje wa't in ticket krijt foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)