Flylân jout grien ljocht foar sinnegreide

De gemeente Flylân hat tiisdei in fergunning ôfjûn foar it bouwen fan in sinnegreide op it eardere terrein fan definsje. Bedoeling is dat op in stik grûn fan hast twa fuotbalfjilden (0,8 hektare) duorsume enerzjy opwekke wurdt foar 250 húshâldingen. Dat stiet gelyk oan 12,5 prosint fan it hjoeddeistige elektragebrûk op it eilân.
It is de ambysje fan de Waadeilannen om yn 2020 folslein enerzjy-ûnôfhinklik te wêzen. Mei de fergunning yn hannen kin der no subsydzje oanfrege wurde. Ein 2016 moat úteinset wurde mei de bou fan de sinnegreide.