GrienLinks easket fan Omrin en DS ferbrâningsgegevens REC

GrienLinks-steatelid Retze van der Honing
De steatefraksje fan GrienLinks hat sawol Omrin as it kolleezje fan Deputearre Steaten frege om de oarspronklik mjitten ferbrâningstemperatueren yn de ôffaloven fan Harns. Yn in brief oan Omrindirekteur Vernooij seit fraksjefoarsitter Retze van der Honing dat er dy gegevens graach ha wol foar de ynformaasjebyienkomst op 17 febrewaris.
Oant no ta krijt GrienLinks allinne de berekkene gegevens, mar de partij wol graach witte hoe't de berekkening ta stân komt.
De gegevens binne fan belang om te konstatearjen oft der op te lege temperatuer ôffal ferbrând wurdt of net. As der te leech ferbrând wurdt, dan komt der dioksine frij. Neffens Van der Honing ha boargers en belanghawwers rjocht op dizze ynformaasje.
De wurkgroep Sarolea freget ek al tiden om deselde gegevens. Dêr rint op dit stuit in rjochtsaak oer.