De Fryske Marren hat no offisjele kliïntstipers foar âlderen

Njoggen frijwilligers út de gemeente De Fryske Marren hawwe tiisdeitemiddei in offisjeel sertifikaat krigen foar harren oplieding ta ''kliïntstiper''. Alderen yn de gemeente dy't bygelyks thússoarch nedich hawwe, kinne tenei help krije fan dizze diplomearre frijwilligers om dat te regeljen. De groep frijwilligers bestiet ûnder de namme Fryske Marren Vitaal. Sûnt 1 jannewaris ferline jier binne gemeenten ferantwurdlik foar hast alle help op it mêd fan soarch, wurk of ynkommen.
Rjocht op stipe
De gemeente hat dizze kliïntstipers oplaat om te besjen wat de âlderen sels noch kinne en wêr't echt help foar nedich is. Alderen hawwe rjocht op stipe by sa'n petear. As famylje of kunde net helpe kin, kin de diplomearre frijwilliger ynset wurde. Gemeente De Fryske Marren seit sels foarop te rinnen mei it inisjatyf.
Beskerming
Jennie Hummel is ien fan de frijwillichsters fan Fryske Marren Vitaal. Sy fynt dat de âlderen fersûpe yn de wet- en regeljouwing. ''De amtners dy't by de minsken thús komme witte wol wêr't sy it oer hawwe, mar de âlderen net. Dat is de reden werom ik de âlderen yn beskerming nimme wol. Ik wit hoe't it wurket en sa kin ik harren helpe by it petear mei de gemeente."