Oerol stjoert tûzenen brieven mei flater: donateurs skrikke

09 feb 2016 - 16:08
  • Brief fan Oerol mei it ferkearde donateursbedrach

De Vrienden van Oerol hawwe in brief mei it ferkearde donateursbedrach krigen. De organisaasje fan it Skylger festival hat tûzenen brieven mei in printflater ferstjoerd. Dêryn stiet bygelyks gjin 20, mar 60 euro en ek dat de 'vriendendonatie' yn febrewaris of maart automatysk ôfskreaun wurde sil.

Tsientallen freonen hawwe op de brieven reagearre mei in telefoantsje of in mailtsje. De organisaasje seit ta dat der earst nije brieven mei de goede bedragen ferstjoerd wurde, foardat de kontribúsje ôfskreaun wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)