"Oerheid betellet ûndernimmers te let"

Jild © Omrop Fryslân
Fryske ûndernimmers dy't wurk dogge foar de provinsje of oare oerheidsynstânsjes, moatte op tiid betelle wurde. Dat fine de PvdA en de ChristenUnie yn Fryslân.
De partijen krije sinjalen binnen dat dat op it stuit net goed giet. De klachten fanút it MKB oer de lette betelling fan faktueren wurde befêstige troch in ûndersyk fan it buro Graydon. Dêrút docht bliken dat oerheden der gemiddeld 48 dagen oer dogge om iepensteande faktueren te beteljen.
30 dagen
De provinsje Fryslân jout oan faktueren binnen 30 dagen te beteljen. De PvdA en de ChristenUnie wolle witte oft dit wol echt bart.