Supporters Cambuur teloarsteld oer opstappen De Jong

09 feb 2016 - 14:19
  • Cambuursupporters komme it stadion út nei de wedstriid Cambuur-Ajax

De supporters fan Cambuur hiene nea tocht dat Henk de Jong by de klup fuortgean soe. Dat seit de foarsitter fan de supportersferiening, Kees Elzinga. 

Hy is der net bliid mei dat De Jong no ophâldt. Supporters hiene altyd in soad fertrouwen yn de trainer, seit er. "It is net foar neat dat se syn namme alle wedstriden skandearje." Neffens de supportersferiening is it no de earste prioriteit fan de klup om direkte degradaasje foar te kommen. "Degradaasje soe in ramp wêze," seit Elzinga. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)