Grutte plysje-aksje tsjin himpteelt; kwekerijen oprôle

By in grutte aksje tsjin himpteelt, hat it himpteam fan de plysje ynfallen dien yn Snits, Ljouwert, Dokkum, Surhústerfean en Dronryp. Dêrby binne seis Ljouwerters oanhâlden en ek in man út Spanje.
De plysje hat twa fjoerwapens, seis huzen en in tal loadsen yn beslach naam. Yn dy loadsen binne himpkwekerijen en drûgerijen fûn. It ûndersyk is ein foarich jier úteinset, nei it finen fan in himpkwekerij yn Frjentsjer.
Kwekerij Surhústerfean
Yn Surhústerfean hat de plysje yn in lege bedriuwsloads in himpkwekerij oprôle. Yn de loads stie in profesjonele kwekerij dy't bestie út twa romten. Yn ien dêrfan waarden noch goed 600 stekjes kweekt. De twadde romte wie leech, mar de plysje giet derfan út dat ek dêr earder himp kweekt waard.
De plysje is folop dwaande mei ûndersyk nei de eigener fan de kwekerij en de bedriuwsloads. De kwekerij en de himpplanten wurde fuorthellle en ferneatige.