Oanmelde iepening Provinsjehûs

De provinsje jout tûzen Friezen de kâns om nei de iepeningsjûn te kommen fan it nije Provinsjehûs yn Ljouwert. Op tiisdei 22 maaie kinne minsken meiprate oer Fryslân yn 2040. Der binne ûnder oare de sprekkers Foppe de Haan, Riemer van der Velde, Erik Hulzebosch, Ingrid Paul en Joop Atsma. It provinsjaal bestjoer is der ek by en der is muzyk fan Gerrit Breteler en Dana de Vries.
Minsken kinne harren oanmelde op de site www.fryslân.nl/2040. Keninginne Beatrix iepenet de middeis it nije Provinsjehûs.
Bûtendoar stiet by de offisjele iepening troch de Keninginne in grut gelegenheidskoar fan 2040 minsken. Sy sjonge mei Syb van der Ploeg en syn band. Dêr kinne sawat 2500 minsken by wêze. Op de dei moat in tradysje ûntstean. Tenei moat alle jierren oant en mei 2040 in saneamde 'rede fan Fryslân' útsprutsen wurdt oer Fryslân yn 2040. Direkteur Coen Teulings fan it Sintraal Planburo docht dat as earste.