Snits organisearret NK biljerten foar jongerein

09 feb 2016 - 10:22
  • biljert

Snits hat de Nederlânske kampioenskippen biljerten foar jongeren oant en mei achttjin jier tawiisd krigen. De kampioenskippen binne sneon en snein yn de biljertskoalle Snits.

Der dogge acht spilers mei út it hiele lân, mar net ien út Fryslân. Dirk van der Veen, eigener fan de Snitser biljertskoalle sjocht dat der lanlik net in soad animo is foar biljerten. Dêr wol er wat oan dwaan. Sa wol Van der Veen biljerttafels delsette op de skoalle De Friese Poort om learlingen waarm te krijen foar biljerten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)