Kollum: "What's in a name?"

09 feb 2016 - 08:37
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"What’s in a name? That which we call a rose by any other name would smell as sweet…
Seit Juliet tsjin Romeo yn Shakespeare syn bekende stik. It giet derom dat Romeo lid is fan in rivalisearjende famylje. Romeo en Juliet kinne dus, om it sa te sizzen, net tegearre wêze fanwegen harren nammen. As Romeo oars hjitte soe, lid fan in oare famylje wêze soe, mei oare wurden, soene se trouwe kinne. Dêrom seit Juliet: What’s in a name? Rûkt in roas minder lekker ast dy in oare namme joust? Juliet beweart dat in namme net belangryk is.

No wie Shakespeare grif in aardige keardel –wy diele deselde inisjalen, dat skept toch wol wat fan in bân- mar yn dit gefal bin ik it net mei him iens. Nammen binne wol belangryk. Sûnder nammen is alles itselde. Der binne foarbylden genôch te neamen, wêrby’t minsken de namme ôfnommen wurdt. De namme ôfnimme is de identiteit ôfnimme, en dêrmei ek it besteansrjocht. Goeiemoarn, trouwens.

Foarige wike stie der in stik yn de krante dat oer Fryske foarnammen gie. Dat dy aardich werkenber binne, en dat in hiele protte bekende Friezen genôch oan dy foarnamme ha. Ik neam Ids, Doutzen, Rintsje, Foppe, Piet, Lutz en Epke. Sa ken de rest fan Nederlân harren. Heechlearaar Goffe Jensma seit dat it neamen fan allinne de foarnamme in familiaal gefoel opropt by Randstedelingen. Soks ferheget de aaiberheidsfaktor. Se besjogge de Friezen as ien grutte, nofteren mienskip dêr’t de minsken wakker gewoan binne. En dêr wolle se by hearre. Us Foppe wurdt ek harren Foppe. No binne wy de beroerdsten net, dat as se graach by ús hearre wolle is dat prima.

Mei dat gegeven yn de achterholle is it folgjende namste opfallender. Produsint Klaas de Jong is dwaande mei it tarieden fan in film oer Redbad. Yn in earder stadium hat er kontakt hân mei jim tsjinner, en sein dat it nèt basearre is op it boek dat ik oer de kening skreaun ha. Sterker: it sil net iens oer Friezen gean. Neffens him binne ynvestearders net ree om te ynvestearjen yn in projekt dat primêr oer Friezen giet. Dus wurdt it in film oer Noarderlingen, en harren striid tsjin Suderlingen. Op himsels eigenaardich, en ja, dat is in eufemisme. Mar neffens de alderlêste berjochten ferfalt sels de namme Redbad, en wurdt dy feroare yn Radboud, nota bene de namme fan in Hollânske biskop út Utrecht. Dat soe ek in eask fan ynvestearders wêze. Sokke lûden stean heaks op de eardere bewearings oer de Fryske mienskip, en it derby hearre wollen. Oer dat Fryske nammen o sa werkenber binne en in familiaal gefoel oproppe. Oer dat it net allinne ús Redbad is, mar ek harren Redbad.

Miskien moatte dy ynvestearders, ynstee fan de namme, de identiteit en it besteansrjocht fan Redbad en de Friezen fuort te meanen, Goffe Jensma ris útnoegje. Miskien dat dy harren wizer meitsje kin. En dat se, as Radboud wer Redbad wurdt, ús aaie kinne. En meie."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)