Oppakt foar keap stellen auto

20 apr 2012 - 10:55

Yn de Albert Schweitzerstraat yn Ljouwert hat de plysje tongersdeitejûn in 51-jierrige man oanhâlden foar heling. Foar de wenning fan de Ljouwerter stie in auto dy't as stellen registrearre stie. De man befestige tsjin de plysje dat er de auto foar in lyts bedrach kocht hie.

De Ljouwerter is oanhâlden. Hy sit noch fêst. Ut fierder ûndersyk die bliken dat de auto yn septimber 2010 yn Grins stellen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)