Deade frou fûn yn wenning Frjentsjer

09 feb 2016 - 07:17

Yn in wenning yn Frjentsjer is tiisdeitemoarn it lichem fan ien fan de bewenners fûn. It giet om in frou fan 74 jier yn in hûs oan de Eise Eisingastrjitte. De plysje docht op dit stuit ûndersyk yn de wenning.

De plysje waard tiisdeitemoarn om 6.00 oere belle troch de 71-jierrige man fan de frou, dat der wat oan de hân wie mei syn frou.

Neffens plysjewurdfierder Ger Blokzijl fan de plysje Noard-Nederlân, is it noch net dúdlik wat der bard is. Alle opsjes lizze noch iepen. De man fan de deade frou is oanhâlden troch de plysje en meinaam foar ferhear.

Der sil buertûndersyk dien wurde yn de omjouwing fan de wenning. Minsken dy't mear witte, kinne har melde by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)