Undernimmers yn Wommels bypraat oer mooglike needopfang

08 feb 2016 - 22:57

Sa'n sechstich ûndernimmers fan Wommels en omkriten hawwe moandeitejûn mei boargemaster Liemburg fan de gemeente Littenseradiel om tafel sitten oer de mooglike opfang fan flechtlingen yn it leechsteande gebou fan Resi Wonen yn Wommels. Mooglik dat dêr op termyn tusken de 100 en 300 flechtlingen opfongen wurde.

Neffens Grietje van der Velde, foarsitter fan de ûndernimmersferiening OVWE dy't de jûn organisearre, wie it in positive jûn.

"Fansels binne der krityske fragen steld, mar dy wienen ek benammen praktysk fan aard. Hoe komt it bygelyks mei ekstra befeiliging en ferljochting en hoe rinne de fierdere prosedueres binnen it COA."

Op it bedriuweterrein binne sa'n fyftich bedriuwen fêstige. Nije wike moandei wurdt der yn de gemeenteried fierder praat oer it opfangen fan flechtlingen yn it eardere gebou Resi Wonen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)