Neushoorn yn Ljouwert no echt los

08 feb 2016 - 22:42

Der wiene al sûnt oktober optredens, mar moandeitejûn wie de offisjele iepening fan kultuersintrum Neushoorn yn Ljouwert, mei muzyk fan Jett Rebel en in iepening troch minister Jet Bussemaker.

De opliedings fan D'Drive fan it Friesland College binne ek ûnderbrocht yn it gebou, dêr't popkultuer, ûnderwiis, edukaasje en kultuerproduksje byinoar komme. Dat betsjut alle dagen 300 à 400 learlingen yn Neushoorn. Dêrmei is it al hiel libbendich wurden yn it kultuersintrum, seit direkteur Janpier Brands.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)