Tsjerke keapet hûs yn Wiuwert foar ferhier oan flechtlingen

De protestantske tsjerke fan Britswert-Wiuwert en Easterwierrum hat in wenhûs oan de Swaenwerterdyk yn Wiuwert kocht foar de opfang fan flechtlingen. It doarp is mei in brief op de hichte steld.
Neffens inisjatyfnimmer Jeannette Reen reagearje doarpsbewenners posityf op it plan. Reen waard ynspirearre troch âld-sjoernalist Eelke Lok fan Omrop Fryslân dy't by syn ôfskie sei dat it probleem yn Fryslân op te lossen is as alle doarpen ien húshâlding opnimme. Reen lei it plan foar by de tsjerkeried en dy wie foar.
Ek echt wat dwaan foar flechtlingen
"As tsjerke wolle wy net allinnich in finansjele ferantwurdlikheid nimme, mar ek echt wat dwaan. Dêrom hawwe wy in hûs kocht." De wenning is op 1 maaie leech. "De nije bewenners betelje dan hier oan de tsjerke, mar net mei it doel dat wy der better fan wurde. As mienskip wolle wy ek wat dwaan foar dizze minsken."
Oerlis mei Flechtlingewurk
De tsjerkeried hat yn it foar goed oerlis hân mei Flechtlingewurk. "Us is dúdlik sein dat we de bewenners net yn de watten lizze moatte. Miskien hawwe se wol der hielendal gjin ferlet fan om oeral by holpen te wurden. Mar wy fine it wol wichtich dat wy as mienskip foar dizze minsken klearstean."