Foardrachten nije ried fan kommissarissen SC Hearrenfean

08 feb 2016 - 20:04

SC Hearrenfean kriget nei alle gedachten in nije ried fan kommissarissen. Jorrit Jorritsma, René Groen en Gerard Kremer binne foardroegen troch formateur Sjoerd Feenstra en adviseur Egbert van Hes. Jorritsma (61) moat de nije foarsitter fan de ried wurde. Hy hat in melkfeehâlderij yn Boyl en ferfollet ferskate funksjes, lykas rfk fan Rabobank Hearrenfean Súdeast-Fryslân en ZuivelNL.

Kremer (57) sil it kommersjele tafersjoch dwaan. Hy is no foarsitter fan MKB Noard en VNO-NCW Noard. Earder wie er foarsitter fan sealfuotbalklup Leekster Eagles.

René Groen (47) hat tsien jier by SC Hearrenfean fuotballe, Hy is kontroller fan berop en siet yn it stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)