Mear as santich Fryske musea op ien webside

08 feb 2016 - 18:21

Mear as santich Fryske musea binne te finen op museum.frl. De nije webside, dy't moandei online kaam is, is in inisjatyf fan de Museumfederaasje Fryslân. Mei de side moatte de Fryske musea better sichtber wêze foar toeristen.

Njonken ynformaasje oer de musea, komme ek spesjale aktiviteiten en arranzjeminten op de side te stean. Musea dy't gjin lid binne fan de museumfederaasje, kinne tsjin in lytse fergoeding meidwaan oan de side. De lansearring fan de webside wie moandei yn it Eise Eisinga Planterium yn Frjentsjer troch deputearre Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)