Te betiid berne bern thús sondefieding jaan

08 feb 2016 - 16:53
  • Jenno Pruiksma en syn âlden dogge mei oan it PreVOS-projekt

Bern dy't te betiid berne wurde, kinne tenei earder út it sikehûs fan It Hearrenfean ûntslein wurde. Heit en mem fan de bern kinne thús sels sondefieding jaan. Sikehûs De Tjongerschans hat dêrfoar it PreVOS-projekt opset. Alden leare hoe't sy bern sondefieding jaan moatte. Sy kinne sa soarch fan de berneferpleechkundigen oernimme. In grut foardiel is dat de bern har better hechtsje oan de âlden en de rest fan it gesin.

Ferpleechkundigen komme twa kear yn de wike op húsbesite. Sy sjogge mei by it jaan fan de sondefieding en jouwe advys.

Nei seis wiken te betiid berne te wêzen mocht Jenno Pruiksma koartlyn út it sikehûs wer nei hûs ta. Syn âlden diene mei oan it PreVOS-projekt. De húshâlding wie wol wat wend as it giet om te betiid berne bern. Ek de oare fjouwer bern, wêrûnder in twilling, kamen wat te betiid. De âlden sjogge it fersoargjen fan Jenno mei fertrouwen yn 'e mjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)