Aksje foar famylje Singh by gemeentehûs Dantumadiel

Mem en dochter Singh © Omrop Fryslân
Freonen, doarpsgenoaten en klasgenoaten fan mem en dochter Singh fiere woansdei aksje by it gemeentehûs yn Damwâld. Se sille dêr oan de boargemaster de hantekeningen oanbiede foar it bliuwen fan Rajnish en Sachi Singh.
Begjin febrewaris kaam nei bûten dat útsetting driget foar mem en dochter. En dan ek noch elk nei in oar lân: mem nei Yndia en de dochter nei Suriname. Se wenje hast tsien jier yn Nederlân. De aksjefierders wolle dit foarkomme.