UPDATE: Pleats ôfbaarnd by fûle brân yn Donkerbroek

08 feb 2016 - 15:50

Oan de Bovenweg yn Donkerbroek is moandeitemiddei in âlde pleats hielendal útbaarnd. De brân ûntstie yn it reiten tek. De oarsaak soe in houtkachel wêze. Mei troch de hurde wyn stie it gebou al gau hielendal yn de brân.

De bewenster wie thús op it stuit fan de brân, mar kaam mei de skrik frij. Fierders wiene der gjin bisten of minsken mear yn. By de brân is gjin asbest frijkaam. It fjoer is net oerslein nei de stâlen. De brânwacht krige de melding om sawat healwei trijen en om kertier oer fjouweren wie de brân ûnder kontrôle.

De brânwacht joech it advys om út de reek te bliuwen en helpferlieners de romte te jaan. 

Trefwurden: 
brân Donkerbroek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)