Boukavels Skoatterwâld yn priis ferlege

Nije boukavels Skoatterwâld © Gemeente Hearrenveen
De gemeente Hearrenfean ferleget de priis fan achttjin nije boukavels dy't beskikber komme yn Skoatterwâld. Ein ferline jier hat de gemeente ûndersyk dien nei in koartingsaksje. Utkomst wie dat in soad minsken dan wol in kavel keapje wolle.
Neffens wethâlder Siebren Siebenga nimt de belangstelling foar boukavels yn Skoatterwâld flink ta. De kavels komme no mei 20% koarting op de merk.