Grien ljocht foar herstel fûgelparadys Gryn

De rêding fan it eilân Gryn tusken Harns en Skylge is sa goed as regele. De ûntheffing op de natuerbeskermingswet dy't nedich is foar it wurk, is ôfjûn. Gryn, dat yn it Hollânsk Griend hjit, is ta oan grut ûnderhâld om it eilân te behâlden, fynt behearder Natuurmonumenten. Chris Braat fan Natuurmonumenten: "Als we niks doen, is de kans groot dat het eiland helemaal verdwijnt. Dat zou een grote aderlating zijn voor de natuur in de Waddenzee."
Yn 'e mande mei Rykswettersteat is dêrfoar in plan betocht. Der wurdt sân opspuite, sadat it eilân fersterke wurdt.
Unmisber fûgelparadys
It ûnbewenne waadeilân is ûnmisber foar trek- en briedfûgels. Yn it foar- en neijier sykje hûnderttûzen fûgels nei fretten op it drûchfallen Waad rûnom Gryn. By heechwetter hawwe de fûgels op it eilân in feilich ûnderkommen. Yn it briedseizoen bringe se harren jongen grut op Gryn.
Brede stipe
It projekt krijt brede stipe. Provinsje Fryslân en it Waadfûns drage by oan de kosten fan it werstelprojekt. Yn it foarjier set Natuurmonumenten útein mei it swyljen fan jild om de rest fan it bedrach byinoar te krijen. Yn de neisimmer fan dit jier moat dan begûn wurde mei de wurksumheden op Gryn.