15 moanne sel easke tsjin 38-jierrige Ljouwerter

© Omrop Fryslân
Tsjin in 38-jierrige Ljouwerter is in selstraf fan 15 moanne easke foar in rige ynslûpingen, stellerij en ynbraken yn Ljouwert. Yn oktober ferline jier waard de man troch de plysje trappearre by in bedriuwsgebou oan de Jelsumerstrjitte. Hy waard op it dak fûn, tegearre mei in 37-jierrige Grinslanner. Se hiene stellen guod by har.
De Ljouwerter waard ek werkend op kamerabylden dy't makke binne troch it Nordwin College en by in toskedokterspraktyk en in fersoargingshûs. By it Comenius College soe hy beamers stellen ha en by in laboratoarium njoggen laptops.
Earder is de Ljouwerter ek al feroardield. De finzenisstraf fan in jier ûnder betingst moat hy no ek útsitte, fynt de offisier fan justysje. Oer twa wiken is de útspraak.