Kearslûzen sletten fanwege hurde wyn

Troch de hurde wyn wurde ferskate kearslûzen yn de provinsje sletten. Moandeitemiddei om 12.00 oere gean de kearslûs Goaiïngaryp, de kearslûs Broek en de Jouster slûs ticht.
Troch de hurde wyn komt it wetter heger te stean. Der is dan kâns op oerstreamingen. Om dit foar te kommen nimt Provinsjale Wettersteat de maatregel. De slûzen bliuwe oant tiisdeitemiddei 12.00 oere yn elts gefal ticht.