Enerzjy opwekke mei metaangas

19 apr 2012 - 21:17

Op de produksjelokaasje fan Vitens by Spannenburch wurdt nei de simmer in ynstallaasje boud dêr't metaangas, dat frijkomt by it oppompen fan grûnwetter mei skieden wurdt. It broeikasgas wurdt opfongen en omsetten yn stroom dat wer brûkt wurdt foar de drinkwetterproduksje. De ferwachting is dat der 40% besparre wurde kin op it stroomferbrûk. Vitens hat mei yngenieursbedriuw Royal Haskoning twa jier ûndersyk dien nei dizze duorsume tapassing.

Der is foar Spannenburch keazen om't yn it grûnwetter dêr yn fergelyk mei oare produksjelokaasjes it measte metaan sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)