Direksje DVC fersmyt krityk

De direksje fan de Dokkumer Vlaggen Centrale kin him net fine yn de krityk fan de fakbûnen en it eigen personiel dat de reorganisaasje net soarchfâldich dien wurdt. Direkteur Hageman seit dat er krekt hiel transparant mei de partijen oerleit. De fakbûnen sizze dat it betrouwen yn de direksje oant it friespunt sakke is.
It fabryk moat reorganisearje fanwege de ekonomyske malêze. Dat sil nei alle gedachten mear as tsien minsken harren baan kostje. Earder waarden ek alris achttjin banen skrast. Der is in soad ûnrêst op de wurkflier.