John Bos fuort by Sportstêd

Sportstêd Hearrenfean © Google Street View
Direkteur John Bos fan Sportstêd Hearrenfean is troch de ried fan kommissarissen op non-aktyf set. Bos folge op 1 septimber 2010 Tjisse Wallendal op as direkteur fan de oerkoepeljende organisaasje fan de gemeente Hearrenfean, SC Hearrenfean en De Friesland Soarchfersekerder. Under de namme Sportstad hawwe dy as doel it gebiet by it Lenstrastadion fierder te ûntwikkeljen foar de topsport.
Bos wie dêrfoar deputearre yn de provinsje Flevolân. Werom't Bos fuort moat, is net dúdlik. De ried fan kommissarissen wol noch gjin taljochting jaan.