Expo Driezum-Wâlterswâld iepen

19 apr 2012 - 15:48

Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel hat tongersdei de Expo fan Driezum-Wâlterswâld iepene. Hy stapte dêrby troch de yngong fan 'e Expo dy't mei papier bespand wie. Mei de eksposysje wol it pleatslik bedriuwslibben út Driezum en Wâlterswâld en út de wide omkriten himsels presintearje.

Der binne mear as fyftich stands en der wurde 3000 besikers ferwachte. De beurs duorret noch oan en mei sneon. It is de sechsde Expo yn Driezum-Walterswâld sûnt 1997. De beurs is ien kear yn de trije jier.

De 50 eksposanten biede in grut ferskaat, fan blommen en ierdbeien oant auto's, fytsen, skilderijen, kachels, bêden, boeken en skoarstienreagers.

Trefwurden: 
expo Wâlterswâld Driezum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)