Opskuor om adopsjegefal Dokkum

19 apr 2012 - 14:32

In adopsjegefal yn Dokkum stiet bot yn it nijs. De Telegraaf meldt dat it adoptearre jonkje yn Dokkum it slachtoffer is fan bernerôf. It bern is yn 2006 fuortjûn foar adopsje, sûnder dat syn heit en mem yn syn bertelân Kolombia tastimming jûn hiene. Dêrmei giet it om bernerôf, neffens de krante.

De adopsje-âlden yn Dokkum sizze dat se goeder trou hannele hawwe. De biologyske âlden wiene doedestiids ferslaafd. Dêrom wie harren de fâdij ôfnaam. Se binne no ôfkickt en woene him earst werom hawwe, mar se litte it no mar gewurde.

It jonkje is ûnderwilens 7 jier âld en hjir hielendal ynboargere. Wol praat er alle wiken op Skype mei syn biologyske heit en mem yn Kolombia.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)