Soarch oer sluting skoallen

19 apr 2012 - 12:49
  • Skoalboerd

FNP en CDA yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân meitsje harren soargen oer it basisûnderwiis yn de gemeente. Juster lekten plannen fan de kristlike ûnderwiisynstelling Nije Gaast út. Dy wol mooglik fiif basisskoallen yn de regio slute fanwege jildkrapte. It giet om de basisskoallen fan It Heidenskip, Sondel, Ealahuzen, Molkwar en mooglik Nijemardum.

Lytse skoallen binne yn ferhâlding folle djoerder as grutte. No't it Ryk besunigje moat, kin dat net mear betelle wurde. De partijen binne benaud foar de gefolgen fan de sluting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)