Diskriminaasje útstjoerburo's

19 apr 2012 - 11:02

Diskriminaasjemeldpunt Tûmba wol in byld krije fan diskriminaasje by útstjoerbedriuwen yn Fryslân. Ut in lanlik ûndersyk docht bliken dat 75 persint fan alle útstjoerburo's op fersyk fan in opdrachtjouwer guon befolkingsgroepen net hawwe wol foar fakatures. De wet stiet soks lykwols net ta. Tûmba krijt oer dit soart saken ek wol meldings.

Om in goed byld te krijen wol Tûmba de kommende tiid yn petear mei Fryske útstjoerbedriuwen. It giet dan oer it belied en it tsjingean fan diskrimaasje fan minsken dy't by de buro's ynskreaun stean

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)