Frou falt fan hynder op stek
In 30-jierrige frou út De Lemmer is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in fal fan in hynder. Se wie mei it dier yn in stik greidelân oan de Master Wijmawei by Bantegea.
De frou foel fan it hynder boppe-op in houten stek. It slachtoffer is mei pine yn it boarst nei it Universitêr Medysk Sintrum yn Grins oerbrocht.