Man rint mei bile op plysje ta

19 apr 2012 - 10:33

In 36-jierrige ynwenner fan Easterwâlde is woansdeitejûn yn syn eigen wenplak troch de plysje oanhâlden op fertinking fan fernieling en bedriging. De man hie earder op de jûn in rút fernield. Doe't de plysje him dêrop oansprekke woe, stie er mei in bile in lampepeal te fernielen. De man rûn dêrnei mei de bile op de plysje ôf en naam in driigjende hâlding oan.

De plysje koe him derfan oertsjûgje dat it better wie om de bile del te lizzen. De man is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)