Ajax docht bod op Narsingh

© awfoto.nl
De kâns is grut dat Luciano Narsingh takom seizoen foar Ajax spilet. De Amsterdammers, dy't yn jannewaris al ynteresse hiene foar de rjochteroanfaller, hawwe in earste bod útbrocht. Hearrenfean is der lykwols net akkoart mei gien.
It kontrakt fan Narsingh by SC Hearrenfean rint noch ien jier troch. Technysk direkteur Johan Hansma jout oan dat hy hopet dat Narsingh syn kontrakt ferlingd, al is de kâns dêrop lyts. "Als Narsingh niet verlengt, dan willen we hem verkopen. Tegen een voor ons aantrekkelijk bedrag", sa seit Hansma.